3. Bûtenspul

– Master, master … juffer sei dat hjir in pear hûndert jier lyn Nederlânsk praat waard.

– Dat wurdt der hjoed noch praat, Ulbe, want Frysk is ek Nederlânsk. Nederlânsk is in sammelnamme, sjuch? It Frysk is ien fan de talen yn ‘e Nederlannen – koartwei, in Nederlânske taal. Wat eltsenien yn de Nederlannen doedestiids op skoalle learde, wie Hollânsk – in oare Nederlânske taal, dy’t no hast útstoarn is sa’t wy okkerwyks bepraat hawwe. It nuvere wie dus dat ek bûten Hollân, yn de oare Nederlannen, it Hollânsk foar master opsloech. Dat gou foar Grinslân oant en mei Seelân. En ek foar Fryslân …

– Learden de Friezen doe in deade taal op skoalle?

– De Friezen learden doe net allinnich Hollânsk as fak, der waard lesjûn yn it Hollânsk – it wie de taal fan oarder. It wie de taal yn it sosjale libben – op skoalle, yn ‘e winkel, by ynstânsjes, yn ‘e krante, op it tillefyzje …

– Wat binne dat, master, krante en tillefyzje?

– Dat sil ik in oare kear wolris útlizze, Hawa. Wêr’t it my no efkes om giet, is útlizze dat ús memmetaal doe wakker yn ‘e lytse loege siet en al aardich nei it tsjerkhôf rûkte.

– Net te leauwen!

– Och, Douwe, soks is sa âld as de wrâld … in hearskjende klasse dy’t oaren de mûle snuorje wol. En de hearskjende klasse hie doe syn sit yn it Hollân. Tsja … en de minske is no ienkear in nuet keppeldier …

– Friezen net!

– Doe al, sa’t skynt, Pibe. Der wiene wol guon gewearde keardels … eh, meast froulju wol my oan, no’t ik it yn my omgean lit … dy’t op ‘e barrikaden stiene foar har memmetaal, mar … hja lieten har lytsman meitsje … lytser as hja wiene, bedoel ik. Hoe sil ik jimme dat ferdútse?
Sjuch, in appel kin wol read wêze, mar … dat hat net automatysk yn dat alles wat read is, in appel is. Begripe jimme? Sa wie it Hollân wol ien fan de Nederlannen, mar dat betsjutte net dat alle Nederlannen yn it Hollân leine.
Dat is net sa dreech nei te kommen wol?
Hja hawwe dat oars wol klearkrige, hear – dat alleman en wrâld De Nederlannen Hollân neamden – mar hja hawwe har doe skytskoarjend beret, ûnder druk fan de omlizzende lannen. Klear!
Dat jildt dus ek foar de taal. Hollânsk wie wol Nederlânsk, mar dêrmei wie Nederlânsk net automatysk Hollânsk. It regear die yn dy snuorje lykwols krekt oft dat al sa wie. It makke it Hollânsk dus folle grutter as it feitliks wie. Hawwe jim dat?
En doe’t it de omlizzende lannen safier krige en bau dat sa froed as Bijke nei, doe stiene de talen yn de oare Nederlannen automatysk bûtenspul, no?
Oars sein, it regear, dat syn sit yn it Hollân hie, sette de bûtenspulfal op en de oare Nederlannen – Fryslân mei – rûnen dêr allegearre blynseach yn. Begripe jimme?

– Net in grevel!

– Goed, Douwe, oar foarbyld … Hokker talen wurde der sprutsen yn Switserlân?

– Frânsk en Dútsk!

– Krekt!

– Italjaansk!

– Hast gelyk, Hawa! Der wurdt ek Italjaansk sprutsen. Lit ús no efkes krekt dwaan oftsto in Italjaanske Switser bist en oft Douwe in Dútske Switser is. Ik spylje in Frânske Switser en sis mei in slach yn ‘e rêch tsjin jimme: ‘Ik ferstean jimme net! Jimme moatte Switsersk tsjin my prate!’ Wat sizze jimme dan tsjin mij?

– Master is gek!

– No binn’ wy der!

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. januari 4, 2023

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]