2. Apartheid
– Master, ús heit seit dat de Fryske See fan de Romeinen Mare Frisicum neamd waard.
– Dat is ek sa, Ulbe. De Middellânske See neamden hja bygelyks Mare Nostrum – Ús See. En de Mare Frisicum neamden hja ek wol de Mare Frisium – See fan de Friezen.
– Hoelang hawwe de Romeinen hjir sitten, master?
– Dat wit ik net, Hawa. Ik wit net oft de Romeinen winliken wol sa fier kommen binne. Hja binne neffens my ûnder de grutte rivieren hingjen bleaun. Mar dat kinst better oan juffer Froukje freegje, at jim Skiednis fan har hawwe. Hja wit soks grif.
– Faaks koene de Romeinen net út tsjin de Friezen.
– Dat liket my sterk, Douwe. Faaks beskôgen se it lân boppe de rivieren as ûnlân of fielden se har feiliger efter dy grutte wetterstreamen. In rivier is op it lêst in foech natuerlike ferdigeningsliny, no, tsjin fijannige oanfallen. Hja moasten yn Brittanje bygelyks in muorre sette litte, tsjin oanfallen fan de barbaren – sa’t de Romeinen de ynwenners fan it hjoeddeiske Skotlân neamden. Dy muorre hiet de Hadrianuswâl en wie mear as hûndert kilometer lang. Sa’n bouwurk wie in hûdfol wurk, kinne jim wol begripe, en dat koene se har yn ’e Nederlannen besparje mei in grutte rivier as de Ryn foar de doar. Mar, nochris, juffer Froukje kin jimme dêr grif mear oer fertelle.
– Doe’t ús mem my okkerdeis frege wat wy leard hiene, fertelde ik har dat it Hollânsk hast útstoarn is. Mar doe sei se dat der yn Súd-Afrika noch Hollânsk praat wurdt.
– Dat is sa, Jappy, in foech Hollânsk. It is wol nijsgjirrich en fertel jimme hoe’t it Súd-Afrikaansk ûntstien is…
Doe’t de Hollanners har iuwenlang lyn yn Súd-Afrika nei wenjen setten, makken hja de oarspronklike bewenners fan dat lân ta slaaf. En as se oerdeis op it lân oan it labeuren wiene, moasten dy slaven op de bern passe. It betingst wie al dat de slaven Hollânsk mei de bern prate moasten. No is it de hjitting dat it Hollânsk in slim drege sprake is, of – better – wie. Ik soe it net witte, want ik ken de taal net, mar dy slaven hiene dêr wol oan, oan al dy taalregels en útsûnderings yn it Hollânsk. Dat hja gongen hinne en ferienfâldigen it Hollânsk slim en pasten de regels fan harren eigen taal dêrop ta. Sadwaande learden de bern fan de ûnderdrukker en harren eigen bern in taal dy’t Súd-Afrikaansk hjit en dy’t sa’t skynt wol wat wei hat fan it Hollânsk dat eartiids yn ’e Nederlannen de lingua franca wie.
– Ûnderdrukker, master?
– Ja, Douwe, sa fielden de autochtoanen yn Afrika dat. Sa waard eartiids yn ’e Nederlannen it Hollânsk ek field as … de taal fan de ûnderdrukker. Wy kinne ús dat no net mear begripe, mar in soad autochtoanen yn ’e Nederlannen waarden doe weiset as minderweardich om’t se harren memmetaal praten bliuwe woene. De Hollanners hiene doedestiids in wiidfiemjend stelsel opset en rûgje dy talen systematysk út.
– It Frysk ek, master?
– It Frysk ek, Sytske!
– Apart.
– Ja, hiel apart!
Recente reacties