2.4 In faai teken
De sinne hâldt rjuchtdei mei de stjerren; fjoerreade fingers feie mei foars en faasje it firmamint skjin. Ienkear boppe de kimen liket er efkes yn goedens te wollen, mar kiest dan dochs wer ûnferskillich it stantsje Brodzich.
Moat dat no sa?
Hja sjucht my sinnich oan. Brûkel brui ik de breakrûm út board en burd oer board. Ik sykje protteljend it skaad op. Ik haw de tiid wer oan mysels hjoed. Dodzjend tsjin ‘e mêstfoet sjuch ik tebek op it libben dat yn myn sok leit.
It eigenaardige is dat ik no tebeksjend persiis oanwize kin wêr’t myn kânsen lein hawwe. En dat hawwe net te min west. Hoe is it god-noch-ta mooglik dat ik har allegear, stik foar stik, of mist of ferbruid haw? Wat haw ik der in drôvich lyts bytsje fan telâne brocht! Wat haw ik in benaud lyts bytsje begrúske!
Gjin ymposante karriêre, krektoarsom: fan alles en noch wat oanhelle en… neat bedijd. En in mislearre houlik op ‘e heap ta. It libben bruts my allegeduerigen by de hannen om‘t ôf.
It gong feitlik al mis op de moarn nei ús trouwen. Ik wit it noch goed. Dat hie west doe’t ik mei de slûge harsens it falske laadsje ûnder it oanrjucht yn ús nagelnije koken wei skuorde. Ferheard stie ik nei de nagelnije spikers te sjen dy’t ta’n it plankje út stutsen. En doe’t ik opseach, seach ik de hate yn har eagen.
De ynstallateur brimme neitiid doe’t er it tesplintere hout beskôge, dat er soks yn syn karriêre noch nea meimakke hie.
Mar lit ús no earlik wêze. Hie ik in pasjonearre man west, dan wie it houlik dy earste nacht ommers al stomp rûn. Mar ik – grutte toffel dy’t ik wie – hie miend, dat har rigor mortis wol wat bekomme soe mei ferrin fan tiid.
Mar dy bekaam net. En rillegau begûn it sa sear te dwaan en wurd allegeduerigen ôfwiisd, dat ik der al net iens mear by har op oanstie.
It erflike húnjen, och, dêr harke ik rillegau oerhinne. Myn tabakspiip stonk, iksels – nettsjinsteande myn deistige dûs en djoere rûkersguod – stonk, hja krige pineholle fan myn lûd – as ik song, drige se mei in oanfal fan migrêne – en as ik poerneaken ûnder de brûs wei stapte, sette se in fiis gesicht, fanwegen myn “wanstaltige liif” sa’t hiet.
Likefolle, nei goed tweintich jier trouwe tsjinst krige ik dien. Hja hie in oar troffen, in kollega: Hasta la vista, baby!
Efterôf is it mar bêst beteard dat der gjin bern binne. Dat hiene dan teffens ûnbesmodzge ûntfangnissen wêze moatten. Sa hat men teminsten in clean cut, in skjinne skieding, is ’t net sa.
En ja, dy grutte karriêre… Alles goed besjoen, ûntbruts it my sljuchtwei oan foldwaande belangstelling en berik de top. Fokus is neffens my alles. Dy’t súkses ha wol, moat him konsintrearje kinne, konsintrearje op ien doel. Dêr binne genôch foarbylden fan, eksimpels by ’t seksje – lju dy’t “slagge yn ’t libben” binne troch harren te rjuchtsjen op ien ding en dêr fierders alles foar oan ’e kant te setten. David Beckham is in foarbyld fan ien dy’t de absolute top helle hat. Mar as er in fraachpetearke hie foar radio of tillevyzje, koe men him in aai yn ’e kont siede: “Se brûke sokke drege wurden!” Soed er no “ja” sizze as men him freegje soe oft er it lok berûn hat? Of soed er “no ja” sizze?
Ik haw bazen hân dy’t alles wisten op harren fakgebiet en fierders… neat – algemiene ûntjouwing: diddley squat. Noch net in koarelskrom!
En dat offer hat my altyd te grut west. Ik koe faaks wol, mar ik woe net as it der op oan kaam. Ik hie belangstelling foar safolle oare dingen – enerzjy dy’t faaks sitten gean moatten hie yn in sûn funksjonearjend libido en soargen om de bern.
Mar toe mar, it libben oppenearret him no ienkear sa’t it him oppenearret.
Ik lit in loai each stuiterje oer in spegelglêde see.
It plan is dat der net in plan is. Nee, dat is net earlik sa. Ik bin fan doel en besytsje myn famylje yn Sweden. Dat aansen op ’e hichte fan Thyborøn rjuchtsôf, de Limfjorden yn.
Hoe soe ik ek no al witte moatte dat ik de Deenske kust nea te sjen krije sil?
Der is net in sigentsje wyn. De rest fan ‘e dei en de folgjende nacht dobberje ik oer in blakstille see. By it lemieren fan de nije dei fiel ik in twirke. It is in wyntsje fan neat, mar ik kom foarút. En as de sinne al moai willich boppe de kimen stiet, bin ik op ’e hichte fan Thyborøn. Ik set it boat oer de staach en… fuort feroaret de wyn fan rjuchting.
Ja, sa kin ik Thyborøn net mear besile.
Fan ’e oare kant, mei sa’n twirre is it wreed ferneamde Skagerrak it oergearkommen mar, is ’t net sa. Ik set it boat op ’en nij oer de staach.
Op itselde stuit driuwt my oer it Skagerrak middenmank it sûkerskjinne skieppesmoar in donkere wolken yn ’e mjitte. En dy wolken docht my earne oan tinken. Mar oan wat yn ‘e goedichheid?
Ynienen wit ik it. Hy makket my in sêne yndachtich út ’e film Silence of the Lambs – de sêne dêr’t Hannibal Lector yn ûntkommen is út syn kouwe, ien fan ’e beweitsers op grousume wize ôfslachte hat en it lyk kluchtich ophongen oan dyselde kouwe…
Dy wolken is it evenbyld fan dy beweitser!
In faai teken?
Ik laitsje skealik. It is in wolken, ju, oars net.
’n Sinnige sinne liket se. Stântsje Brodski. Broekel yn Dódgend. Der wêze?
Knecht oan ‘e mestfoot. Sok, kielzog, ’t soal. May woll oer soks wördbield.
Sint oan board fon ’n stoomboat en oare ibeariske mearkes iin sibeariske
tiid. Is hje, id er fraulyk de fo-sinne, Gr. foos, fws, fôs-inne fraoliusuutgong.
Sol(eil) m. Lux, Lychnis flos-cuculi, Luna. Lumen, Hy-mén, houlik, moànne.
Riughtday hôlde by Upstalsboom, essayers, Essaailawn en Hôf, Liouwert.
What hav Ik der fon to lawne, up see en iin ‘e loft broght? Dât ha(ve) (der)
Njet to min west. – Tebeck_sjènd, krekt_oarsom. Slûch, nèt H. ‘sliépperich’.
Ik bin ’n Suwôldster bûtter-l’aad fon Canaâniten, mar sûnder ’n frigide wiif.
Ik hav ’n sabeare lesbjenne Eelkje Tuma (ie, no Pajala mei ’n mân en bern.
Leafste lea, Paadwizer) iin 1989 hielje kind mei uus faam Jontsje Post te
Winaam, uut Sexbierem, die’t mi iin 1990 royearre by Frisia en fermoàrde.
’n Clean cut wie it allebeide. Èk myn wiif uut Grenenslawn iin ‘e yiérren 70.
’n Blauwe Stêd layt no efter App’daam. Sa’t iT hiet, sa’t iT liket, sayst ein’s.
Bo Didley. Mey ‘diddley squat’ en ’n “koarel’s krom” if forclearre? ‘My cunt.’