2.3 Wa’t heech kliuwt …
Ju, wat fielt dat goed!
Op in wynkrêftke trije sjit ik mei in knoop fiif oer in sljuchte Fryske See. Oan ‘e ein fan myn sok sjuch ik de kolossale rots mei it kemike puntsje dêrnjonken ferskierjen en lytser wurden.
Wy hawwe tegearre in prachtige dei trochbrocht op Hilgelân, dat yn mediterraan ljocht baait. Wy hawwe troch syn strjitsjes kuiere, wy ha syn koele dûnkere Weissbier dronken, mei útsjoch oer syn glinsterige see fan blyn meitsjende blauwens en wy hawwe syn disel en drank ynslein, frij fan belesting.
Werner hat my noch útswaaid.
Der hat in tiid west dat ik wat delseach op it domme minskdom, mei har froede neargeastigens. Dat wie foar’t ik gewaarwaard dat yn mysels ek immen beskûlgong dy’t bytiden gjin hânwetter hat by oerdriften as eangst en habsucht. Ik kin my no treastgje mei de witnis dat wiisheid en goedens wis wol mooglik binne. Ik haw dêr no al twa eksimpels fan troffen. Dat der is hope.
Ik fiel Werner syn bywêzigens noch hieltyd. Nuvere gewaarwurding as men wiswier allinnich is. Us âldelju binne ek mear bywêzich as oars. Mar dat is faaks sa raar net, yn ’e Fryske See. Mar it is fansels al nuver dat ik my middenmank de mannichte altyd iensum field haw en dat it hjir wakker gesellich is. Soene se dat faaks bedoele mei ‘op ‘e folle see’?
It jûnet. Ik lit Arie S it swiere wurk dwaan. Sels besykje ik te wennen oan in twang ritme fan sliepen en weitsjen. Ik set it wekkerke hieltyd op fyftjin minuten – salang mei ik sitte te slûgjen, mar dan moat ik efkes oerein en bewissigje my dat de folle see noch hieltiten leech is.
It slagget my net rjucht. Ik bin meastentiids oan dek te finen, steand, de hân oan in staach en nuvere optein. It libben is ien grut feest: freugdefjoeren oan ’e kimen, ljochttuorren op ‘e Deenske kust, en freugdefjoeren oan ’e loft, stjerrestof dat yn ’e dampkring falt. Ik doch in snijsume freugdedûns op it… ehh, flush deck en jou in oerdwealske freugdegjalp.
Oan ’e iene kant jout it besef dat dit no allegearre fan mij is my in machtich gefoel. Oan ’e oare kant is dêr de realisaasje dat Mem Natoer my no efkes gewurde lit, efkes noflik fan har eigen stiltme leit te genietsjen, lykas fernimt se dy neatige stjerling net dy’t har oer de lea kidelet. Hja kin der lykwols halje-trawalje foar kieze en jou har as in fûlekaan oerein en doch my mei ien achteleas gebeart weromkeare ta it stof dêr’t ik is de hjitting út skepen bin. Fan dat besef krijt myn machtige gefoel einefel.
Mar, Mem, wat in foarrjucht dat dit ûnferjitlike amerij Jo goed is! Dat jout Jo wat my belanget it rjucht en tegnjirdzje my aanst tusken tomme en wiisfinger. En as it safier is sil ik suchtsje: It wie it wurdich, blinder!
Of nee, dan suchtsje ik neat mear.
Der komt my wat yn ’t sin. As jongeman hie ik jimmeroan deselde dream: ik wie teset mei it útfinen fan it oarderjend prinsipe fan ’e kosmos, de kaai ta al it ferburgene, tagelyk it panasee foar alle krupsjes en problemen.
Mar hieltyd, as ik sa tichteby wie dat ik myn sirrebrale hichtepunt omtrint taaste koe, spatte de dream útinoar. En wat wanhopiger ik besocht it prosedee te werheljen, namste minder it my slagje woe. Dy dream haw ik net mear. Ik dream no oer folslein oare hichtepunten. Neffens guon wittenskippers it iennichst wiere oarderjende prinsipe. Synyske lju!
Mar goed, dat spile him allegear ôf yn de snuorje dat ik as in lyts baaske besteld wie mei it klassifisearjen, oarderjen en alfabetisearjen fan it hielal, de snuorje dat ik noch leaude yn de stjoerberens en goedens fan ‘e wrâld – of better, yn it yn goedens wollen fan it minskdom en dêrom yn de makberens fan ’e maatskippij. Doe’t der ûnûntwynber wat foarfoel dat ik net stjoere koe, soademitere de hiele bliksemse boel oer my hinne, de hiele boekekast mei myn mei soarch opboude kaartsysteem dondere op my del. Omtrint it gânse universum rinkele oer de flier – der wie gjin kearensein oan. En krektas woe it libben in spultsje mei my spylje waarden alle kaartsjes en bledsjes dy’t ik noch benei komme koe my fuort wer út ’e hannen skuord en fleagen witwêrsanne.
Okee, ús heit waard wer better en de kanker kaam net werom, mar ik wie doe al oan hals en earen ta yn it swarte gat weiwurden en dat gat liet net mear los – myn wissichheden waarden my ûnttake en de ien foar de oar nei waarden my de linten en flinten fan it boarst ôf spjelde. En hieltyd as ik miende dat ik alle yllúzjes ferdampt it swarte gat no wol bedjipje koe, gong ik nochris kopke-ûnder – de ein wie der fan wei.
Ommers, de kosmos ken gjin moederaasje, want is folslein ûnferskillich. Ik wit wol, it is treastlik en leau dat goedens en froedens op ’en doer wat opsmite sille, mar sa sit it net haw ik noed: ús wiffe libben is oars neat as in draaiboerd.
Recente reacties