12. Taalfersmoarging

-Master fertelde lêsten dat it Frysk yn ‘e iere midsiuwen de lingua franca wie yn it hannelsferkear om de Fryske See hinne. Is dêr ek wat fan hingjen bleaun op dy kusten?

-Dy fraach soest foar in part sels beänderje kinne, Krister. Jimme prate thús Noarsk, tink?

-Ja, master. Guon wurden binne wol hast gelikens. Wy brûke bygelyks ‘barn’ foar bern … en ‘barnebarn’ foar bernsbern. En wy sizze ek fan ‘okse’ foar …

-Master, master … wy sizze thús ek fan ‘ox’.

-Ja, Theresa, dêr binne withoefolle foarbylden fan, fan wurden dy’t sawol yn it Ingelsk as it Frysk suver itselde binne. Alhoewol’t der guon binne dy’t in oare betsjutting krige hawwe. Sa betsjutte ‘loft’ en ‘himel’ yn it Frysk itselde. Mar ‘loft’ betsjut yn it Ingelsk ‘souder’.

-Master, master … ik wit wol hoe’t dat kommen is.

-No, brân mar los, Douwe!

-Dat wie doe’t dy Ingelske keapman by dy Fryske boer, dy’t krekt widner wurden wie, yn it bûthús kaam. Ynienen frege er ´’Where is your wife?‘ – wêr is jo wiif? En dy boer wiisde nei de loft, om oan te jaan dat hja yn ‘e himel wie.
En doe tocht dy keapman: O, hja is op ‘e souder!

-Hahaha, do bist my in atleet, hear! Sa is it grif gongen, dy ferskowing yn betsjutting! Hahaha … prachtich!

-Is dat wier sa gongen, master?

-Nee, Theresa, dat wie mar gekheid fan Douwe.

-Mar is it Frysk altemets it substraat fan bygelyks it Noarsk en it Ingelsk, master?

-No, dat giet faaks wat fier, fanke, mar der binne wol withoefolle oerienkomsten – dat is sa. Wurden as ‘hûn’, ‘grûn’ en ‘fûn’ seach men fuort oan dat se besibbe wiene mei it Ingelsk doe’t se jitte mei ‘ou’ stavere waarden.

-Wêrom ha se dat dan feroare, master?

-Ja, wêrom? Dêr binne de gelearden it jitte net oer iens. En taalgelearden wurde it út soarte nea ofte ninter iens. Lykwols witte guon lju fan kwizekwânsje bytiden har sin troch te driuwen mei in nije staveringsregel. Soks plichtsje wy oan te tsjutten mei de wittenskiplike term Taalfersmoarging, hahaha.

-Fûnen se it doe dan net nijsgjirrich dat it Frysk en it Ingelsk inoar net wanlyk wiene, master?

-Sa liket it bytiden al, Theresa. It stiet my foar dat it de bedoeling fan guon taalpommeranten wie en pas de stavering safolle as it mar wat koe oan oan dy fan it Hollânsk. Want de bern moasten Hollânsk leare, sjuch? Dat it ferhâldingwurdsje ’to’ moast ’te’ wurde. Tiidwurden mei ‘for-‘ – sa as ‘forjitte’ – waarden ek feroare. En dy mei ‘bi-‘ – sa as ‘bigjinne’ – klonken har ek te Ingelsk yn ‘e earen, tink. Sels meartalfoarms moasten as it mar wat koe mei ‘-en’ stavere wurde, om’t soks yn it Hollânsk sa’t skynt wizânsje wie.

-Wat in nuvere beweging! It Ingelsk is ommers in wrâldtaal, wylst it Hollânsk yn it neirinnen is.

-Dat is sa. Mar eartiids wie it belied dat de Friezen Hollânsk leare moasten. En dat se foarhawwe soene by Hollanners as it op Ingelsk learen oankaam, wie guon in griis, soe men fan tinken wol ha kinne. Bywurdlike útdrukkings bygelyks komme yn it Ingelsk fakenfolle hielendal efteroan yn in sin, wylst Hollanners dy foaroan plichten te setten.

-Master sei lêsten al dat in ferhâldingswurd te uzes meast net foaroan komt.

-Dat hat ornaris ek neat fanneden, Froukje. As in bywurdlike útdrukking al – lit ús sizze om de klam – foaroan komme moat, losse wy dat meast oars op. Lit ús ris sjen, oft wy net guon foarbylden út dat ‘Hollânske’ tiidrek fine kinne … Hjirre haw ik al ien: ‘Ut ûndersyk blykt dat …’ Wat soene wy tsjintwurdich sizze?

– Ûndersyk docht út bliken dat …

-Just jehannes! Noch ien … ‘Op skoalle stean boeken foar swakke lêzers.’ Wat soe dat notydlings wurde?

-Swakke lêzers binne boeken foar op skoalle.

-Ensafuorthinne!

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. februari 10, 2023

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]