11. ’t Swakke geslacht
-Dat moat in hûdfol wurk west hawwe en set alle Hollânske learstof oer nei it Frysk.
-Dat wie ’t ek, Anne Karin, mar lokkigernôch wisten … en witte … Friezinnen fan de wei en de spraak. It wiene foar it grutste part froulju, sjuch, dy’t dat doe út it strie set hawwe.
-Froulju?
-Froulju, ja. Is dat nuver, Douwe?
-No, nee, mar … froulju hawwe it dochs fierste drok? Manlju hawwe helte mear frije tiid? Of wie dat doedestiids oars?
-Nee, wat dat oanbelanget, is der sûnt net folle feroare. It wie doe al sa, dat froulju tapakke wat fanneden is; as manlju lins hawwe, tebringe se leafst har tiid mei dingen dêr’t se nocht oan hawwe, mar …
-… dy’t net fanneden binne?
-Ik woe it wat diplomatiker sizze, mar … sa is it dikmels al, ja. En … och, sokke pielerij fan de boartsjende man laat inkeldris wol ta kreative fynsten, hear. Dat neame wy dan ‘foarútgong’. Mar hast gelyk … meast hie en hat it neat om ‘e hakken.
-Dus, at ik it goed begryp … as der gjin froulju wiene …
-… wiene wij der ek net, hahaha! Mar, yn earnst … it is mar goed dat it froulju binne dy’t de bern krije … oars soene de abortuskliniken it wurk net oan kinne. It is manlju gau te hjit en te swier, sjuch?
-Us heit seit oars dat er yn syn jeugd alleman wol trije kear oer de kop koe.
-Dat soe hiel bêst wier wêze kinne, Ayoup. Mar oer it ginneraal is it sa dat manlju gâns wyn yn ‘e swipe hawwe, mar it raar sitte litte as it deropoan komt. Want sizzen is neat …
-Is master no net botte seksistysk?
-Hahaha! Dêr soest my altemets mei betiigje kinne, Douwe, at ik in frommiske west hie. Mar nee, hear, it is net in kwestje fan diskriminaasje; it is eat dat mei wittenskiplike proeven fêststeld wurden is.
-Hokfoar proeven, master?
-Frijwilligers waarden by wize fan proef sûnder lúkse of helpmiddels yn op it each ûnmooglike sitewaasjes brocht. It die bliken dat de manlju hast sûnder útsûndering de earste wiene dy’t de fearren hingje lieten as dingen oars betearden as ferwachte, en dat de froulju in ûnevenredich grut part fan har enerzjy weibrochten mei it opmonterjen fan ‘e manlju.
-Dat bewiist neat, dochs?
-Dat is wier, Douwe. Mar it die ek bliken dat sadree’t de manlju it oerjaan moasten, bygelyks fanwegens in tekoart oan moed, de froulju opfleuren, har rom en breed rêde koene en – op ‘en nij hast sûnder útsûndering – de proef ta in goed ein brochten. En lju dy’t fan slachte feroare wiene, diene it ek signifikant better as manlju.
-Wat apart!
-Sa’t ik al sei … it is mei sizzen net te dwaan. Froulju binne ferduldiger, litte de moedfearren minder gau sakje en binne tige redsum, sa’t bliken die, sadree’t se de baan rom hawwe. Dêr is perfoarst net mei sein dat manlju dy’t in grut wurd hawwe, suertsjes binne. Beslist net! Mar it wiene meast wol dyjinge. stiet my foar, dy’t har foar sokke proeven opjoegen. Men kin de lju fansels net lyk yn har wêzen sjen, mar …
– … as de kniper op de skine komt, binne der net folle dy’t in man útmeitsje.
-Dat hast moai sein, Trycke! Om koart te kriemen, sûnder striid gjin sukses!
-En sûnder froulju gjin Fryske les!
-Hahaha! Do bist mar knap op ‘e gleed, jonge!
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]