1. Lingua frisica

– Bestie it Frysk doe jitte net, master?
– Jawis wol, Havva. It is ien fan de âldste talen yn it noardwestlik part fan Jeropa. It Frysk is in suske fan it Ingelsk, sjuch – winliken it grutte suske. It Frysk klonk fier yn it rûn yn ‘e iere midsiuwen; it wie de lingua franca oan ‘e kusten fan de Fryske See, sa’t de Noardsee rûnom hiet.

– Wat is lingua franca, master?
– Dat is Latyn, fanke. It is de term foar in foech standerttaal, dy’t ferstien wurdt fan lju dy’t persoanlik in oare memmetaal hawwe kinne, dy’t dochs ta deselde famylje heart – deselde taalfamylje bedoel ik. Begrypste? Jimme prate bygelyks Turksk thús. Ik roai dat jim de lingua franca sprekke ûnder de mear as tritich Turkske talen dy’t der binne. Freegje mar oan jim mem, Havva, of oan jim heit.
Sa wie eartiids it Latyn de lingua franca yn it suden fan Jeropa. It is no in deade taal. Mar der binne jit withoefolle talen dy’t fan it Latyn ôfstamje – bygelyks Italjaansk, Spaansk, Portegeesk. Dêrom wurdt Súd-Amearika ek wol Latynsk Amearika neamd, om’t dêr prinsepeal Portegeesk en Spaansk sprutsen wurdt.
Mar, om no mar efkes tichter by hûs te bliuwen, eartiids wie de lingua franca yn de Nederlannen it Hollânsk…

– It… watte?
– Hahaha! Ja, dat heart wat nuver, Nynke, dat begryp ik wol. Mar dat hat wiswier de sprake west dy’t yn ’e skiere foartiid alleman yn ’e Nederlannen oplein waard. It is de hjitting dat der heech op de Haarlemmerdyk yn Amsterdaam jit in pear âlde minsken wenje dy’t it Hollânsk noch ferstean en it in bytsje prate kinne. Mar as hja der skielk net mear binne, is it Hollânsk spitigernôch ek in deade taal wurden. It hie gjin hânwetter by ynfloeden fan bûten ôf, sjuch. En troch ynslûpsels út ûnder mear it Frysk en it Ingelsk wei is it der lang om let ûnder strûpt. Sa giet dat no ien kear; it is net oars. Se hawwe yn it neirinnen noch wol efkes besocht — doe’t it al as in lege moalsek yn ’e flotgerzen hong — en neam it Hollânsk … Nederlânsk. Haha! Moai, net? Krekt as wie it de iennichste taal yn dizze kontreien. Doe wie it lykwols al te let; it koe it hoastjen hast net mear útbringe.
Mar it is wier, Nynke, hear… it Hollânsk hat yn in skier ferline foar master opslein. No is it Frysk op ’en nij de lingua franca yn ’e kriten fan de Nederlannen…

– Hie it dan net better lingua frisica hjitte kinnen?
– Hahaha! It is wer Douwe, hear! Dat moat ik efkes yn my omgean litte, jonge. Wat seist… sille wy dat op in oare kear te praat bringe? It is al by fjouweren…

Dit vind je misschien ook leuk...