1.3 Farwol
– Wo’ jo ek in bakje ha?
Ik sjuch benijd op; immen kuieret oer it bolwurk fan myn ûntagonklikens lykas wie it der net. Ik bin soks net wend, dat ien my streekrjucht benei komt. Dan komt my yn ‘t sin dat in wichtich part fan myn bolwurk, te witten twa kante meter trijedielich, yn Nederlân benefter bleaun is. Goed besjoen sit ik hjir suver neaken, yn alle gefal sûnder linten en flinten.
De man knikt nochris freonlik.
– Jawis!?
Ik haw it ûnwollens al sein, al haw ik fan natuere net folle betrouwen yn minsken dy’t aardich tsjin my dogge – sokke skriuw ik net folle minskekennis ta. Ik bin der suver wis fan dat immen dy’t kontakt siket eat fan my wol. Mar wat yn ‘e goedichheid; myn ynfloed hinget njonken myn trijedielich…
– Molke?
– Black is beautiful!
Sadree’t er mei my fûstket bin ik der likewol fan oertsjûge dat dizze kante goadesoan mei syn lange ljochte hier mei gjin oar doel by de Olympus delkommen is as my kofje te offrearjen.
– Knilles!
Ek tafallich; lykas ús heit. Dy’t ik okkerdeis in pear streken westliker yn see skodde haw, lykas ús mem. Stof ta stof.
– Jaap.
Wy sitte yn it kantoarke fan ‘e âld-marinehaven. Bûtendoar waait it in stoarm. Justerjûn bin ik dêr oankommen, nei’t ik yn Delfsyl myn kompas itigje litten haw. Weismiten jild; de wei wiist dat ik my op ‘e elektroanyske ynstruminten rjuchtsje. Mar dat wit ik no noch net.
Knilles hat my oansprutsen yn it Frysk; dat hy sil de flage yn it want wol sjoen hawwe.
– Do bist fan it boat mei dat oeribele grutte flushdeck.
– Ehhh… ja…
Wat is in flushdeck?
– Man, wat gong dat der om wei fannacht mei dat boat fan dy?
– Hoe bedoelt Knilles?
– No, it lei oan ‘e kaai te stegerjen as in pystich seehynderke.
Hy fersoarget byld en lûd fan in fleandekskip yn in orkaan.
– Haw ik neat fan fernommen; ik lei te sliepen.
Knilles lit de earmtakke wer sakje.
– Ik lis oan ‘e oare kant, rjucht foar dy oer; dy stielene one-off!
– Ja just!
Wat is in one-off? In one of a kind? Ik tink it.
– Wêr is it boud, freegje ik, mear om ek wat te sizzen as dat it my botte ynteressearret.
– Op Norderney, yn 1963.
Knilles praat, ik harkje. En ik fiel my wûnder op ‘e diggel.
Hy wennet yn Switserlân, seit er, mar is no mei syn maten ûnderweis nei Smögen.
– It Monte Carlo fan Sweden, giisgobbet er wylst er my sawat oansjucht.
Foarhâns lykwols, mei dat ûnlijige waar, sitte se fêst op Boarkum.
– Mar, och, dat is sa slim net, ju. Alle dagen mei it spoar nei de buorren ta.
En dêre rinne genôch oanfallige froulju om, begryp ik, en hâld Knilles en syn besetting noch wiken yn ‘e besnijing.
Hjoed is it dêr lykwols net fan kommen troch it bluisterige waar.
– Spitich, want wy sitte wol sûnder tsiis!
Tsiis? Och heden, ik haw tsiis by de roes. Gjin echte, mar makke fan in soarte fan keunststof; it is sa giel as waaks en alle stikjes sitte yn aparte omballings. Pakjes fan tsien mei lêzen derop: Cheddar.
De oare moarns is it waar wat bekommen. Ik kuierje oer de kaai nei de oare kant. Op de one-off is alles noch yn ‘e rêst. Of soene se sa betiid al de buorren yn wêze?
It is in soele simmerjûn en ik haw in smite folk oan board.
Knilles en syn besetting lizze langút op ‘e houtene kûpbanken, elkum mei in bierke op it boarst. Trije maten fan my binne hjoed mei it boat fan ien fan har ynsyld om ôfskie te nimmen en alfêst in moai gat yn myn bierfoarrie te slaan. Se hingelje yn ‘e warring om. En iksels stean as in foech tankkommandant op it trepke yn ‘e kajútsyngong en sjuch it hear oer.
Ik besau my oer it erflike getsier fan myn maten; it iene wurd hellet it oare út, en hieltiten steiler. Se hâlde en drage har net oars as oars; allinne, foarhinne wiene my de falske toanen nea sa opfallen. Watte? Foarhinne joech ik my der by! Mar hjoed is it suver as bin ik taskôger út in oare diminsje wei. Wa besykje se winliken te ymponearjen mei dy miggefangerij?
Knilles jout him heal oerein, sjucht my sawat oan en triuwt my syn tegnjirde blikje ta. Ik smyt it by de oare granaatdiggels en langje him nije munysje oer.
– Ha jim de tsiis noch fûn juster?
Knilles sjucht ûnnoazel. Tsiis? Hokfoar tsiis?
No, de pakjes dy’t ik juster by jim yn ‘e kûpe soadedondere haw fansels.
Ynienen komt him wat yn ‘t sin. Se hiene justerjûn doe’t se op it boat weromkamen, tehaffele stikken plestik fûn. Dat hie wat in mystearje west. Mar no…
Wy komme op itselde stuit ta deselde konklúzje: seefûgels!
It praat fan Knilles syn mannen rint fan ‘e koarstekoeke nei de jenever en it tsiisynsidint bringt it petear mei in ûnneifolgbere ombocht op rûzige froulju. Net sekuer eat dêr’t ik, dy’t goed tweintich jier it bêd dield haw mei de ûnkroane iiskeninginne fan ‘e Lege Lannen, oer meiprate kin.
– Hja falle op domme dinkjes, heint Knilles myn skeptyske loaits op, mei net te folle yn ‘e holle en net te folle om it liif, begrypste.
Knilles sels falt op froulju dy’t ‘wat riper’ binne, seit er. Dat is te sizzen, op froulju dy’t skansearre binne – dy’t ris in japs opdien hawwe, oer lea of siel.
– In bluodderige skieding bygelyks.
Knilles sels is in kear ‘opfretten’ fan in sniemasine.
– Dy hat my de rêch brutsen.
Hy ferhellet oer it ûngemak, oer de wei nei ferwin en oer wat er ûnderweis leard hat. In baas man! In one-off!
Foar syn maten hiet er tenei Ötzi©, nei’t se him mear dea as libben ûnder de masine wei út ‘e snie pluze hiene.
De maten fûstkje ôf, sizze my farwol.
Grapkes bestjurje ta skrutene foarmlikens. Knilles hat dêr gjin boadskip oan; hy sjucht oan myn útstutsene hân foarby en slacht de earms om my hinne.
Dat is my noch nea oerkommen, beprakkesearje ik neitiid wylst ik de lege hulzen út ‘e warring sykje. Myn maten hiene har ek wat ûnwennich field by it tafriel. Iksels hie har mar wat ûnnoazel talake… oer de olympyske skouder fan Knilles hinne.
© namme dy’t wittenskipslju jûn ha oan de mummifisearre jager dy’t mear as 5.000 jier yn it iis fan in gletsjer fêstsitten hie op ‘e grins fan Eastenryk en Itaalje, doe’t er yn 1991 fûn waard
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]