1.1 Ground zero
Ja, hark ris! Moat ik net tsjin mysels yn beskerming nommen wurde? Men lit my mar oanmodderje, oft ik inkeld oankundige haw, it jiskefet by de dyk te setten. Sjucht dan net ien dat ik gjin belul haw? Dat ik mar bear as wit ik it?
It is altyd wer itselde spultsje, se sjugge my wol foar de kop, mar net yn ’t krop. Gûl ik fan binnen, de bûtenwrâld sjucht in ûntspand glimkje. Freegje ik my yn alle earnst ôf wêrom’t alleman omrint as in aaisiik hin, de bûtenwacht sjucht immen dy’t alles yn ‘e stringen hat. Smachtsje ik nei leafde, hier en fear fertutearzje yn myn bywêzen. Driigje ik stammerjend tajaan te moatten dat ik eat net wit, de freger ûntskuldiget him foar syn profanaasje – hoe soe sa’n man soks ek by de ein ha kinne, Unnoazelsma, liket him ynienen yn it sin te kommen. Kom ik yn in gearkomste mei in aai mei sâlt, alleman sjucht my yn it gat ferklomme oan; mar is eat my tinken, dan binne se near fan it laitsjen.
Dy bûtenkant hat my fakenfolle tsjin mysels yn beskerming nommen, troch it tsjinoerstelde om te spegeljen fan wat him ynwindich ôfspilet – it perfekte masker. Ienris wie ik in âldman yn it lichem fan in bern, mar op it heden bin ik in bern opsluten yn it lichem fan in âldman. En dat bern liket hieltiten minder nei te kommen fan wat der omhear giet. Mar de éminence grise skermet dat hânsum foar de bûtenwrâld ôf.
Myn oanboazgjende ûnwissens waard yn it earstoan ek ynterpretearre as oanwinnende hoedenens – party meiwurkers seagen mammeloerich yn ‘e sinne op, har sûnder erch al teskoar settend foar de tongerslach. Allinne dokter moast wakker laitsje doe’t ik him by de noas lâns frege oft myn klachten op stress wiisden. Doe’t ik lykwols in haal krige doe’t ik in gearkomste foarsiet, moast er wol tajaan, der wie faaks mear te rêden as eachswei te sjen wie.
Iksels bin fral ferbjustere, en ûntheistere. Ferbjustere, om’t ik fuort nei hûs stjoerd waard! Om wat te bekommen, seine se. Bekomme? Wêrfan? En ûntheistere om’t myn libbensdoelen hieltyd fierder fuort ferdwale yn stee fan tichter by te kommen.
Ik wit noch goed hoe befoarrjuchte oft ik my earen fielde dat ik yn dizze flugge tiid libbe, dêr’t alles yn mooglik like en dêr’t dochs noch safolle te ûntdekken wie – it lok lei om ‘e hoeke te wachtsjen, en ûnk kaam inkeld oaren oer. Wat saai moasten de iuwen hjirfoar west hawwe. Mar op in stuit – ik wit net mear hoenear’t it west hat – wie it wâljen oergongen yn njoer bearen. En claims oer medyske trochbraken waarden hieltyd hurder ynhelle fan nije folkssykten-nûmer-1. En it lok dat my fan memmeskurte ôf as priis foarholden wie en sûnder mis mines wurde soe as ik myn bêst mar die, like fierder fuort as ea dêrfoar.
Hoe te rie?
Kuierje, sei dokter. Dat oare doarpsbewenners – ik hie my yntiid nei wenjen set yn in bline flek yn it leech fan ús seedyk – seagen alle dagen in wat krebintige keardel de buorren út skonkjen. Kuierje, kuierje – it waard myn deistige skaf.
Dochs fielde ik my in moannemannich neitiid oft ik de iene skonk noch net foar de oare krije koe. Neat koe my it bloed fan optsjen. It wie bytiden as wie it mar wat kluterich – as ik goed harke, koe ik it suver slueren hearre. Doe seach ik op it tillevyzje in dokumintêre oer seesilen – oer in jonge dy’t lykme allinne in slach om ‘e wrâld die. De fiksearre kamera registrearre hoe’t wetter, waar en wyn him tamtearren, syn emoasjes waarden sûnder moederaasje yn byld brocht – fan grutte opteinens ta deabenaudens. Lion heart hiet de dokumintêre.
Dat wie it! Ik moast op it harnas ha, ik moast wjerstân sykje, ik moast troch hagen en lagen, hichten en lichten, troch muorren fan wetter. Ik hie mei de memmetate ynjûn krige: net eamelje, oanpakke! It lytste bewyske fan selsbegrutsjen lake ik skealik fuort – in wâd ûnder de hûd moast ik hawwe! Partij – watte? – njoggenennjoggentich persint fan it minskdom hie mear reden ta kleien as ik. En – al wie dat net sa – ik wie ommers sa sterk as in bear, ik hie gjin begrutsjen fanneden – net fan in oar, en al hielendal net fan mysels.
It wie my likewol in riedling wêrom’t dy wan op ‘e hûd ynienen gjin fertuten mear die – ik hie op it heden allinne oanstriid te gûlen. Sa’n wyfke oft ik wurden wie! Of hie ik dat sûnder it te witten altyd al west en koe it my no oan om syn berterjucht? It probleem wie sasear ek net, dat der gjin leafde mear yn myn libben wie; it wie slimmer, ik seach gjin hope mear. Ik seach inkeld in swart gat en ik fielde gjin oanstriid en slagje dêr wei. Wat ik fielde wie wurgens, en wearze.
Mar, as ik de see op sette soe, soene triennen it sâlte wetter net keare kinne as it der op oan kaam; dat begrypt in bern noch. En dan soe bliken dwaan oft ik murch of molke yn ‘e bonken hie. Ik siet te triljen foar it tillevyzje. Wêrom eins net? Ik fielde de knobbige hân om it hert syn switklamme gryp al losjen. En dêr rûsde my wat troch de wurge lea. It wie in begjin. As ik dit slûpe liet, bleau ik mûlk kuierjen oant de ko in hazze fangt. En teffens, se soene grif alle war dwaan en praat it my út ‘e holle: Is it dy yn ‘e plasse slein? Ast perfoarst wat ûndernimme wolst, gean dan werom oan it w…! En yndied, as ien projekt oer de daam rûn, soene der grif mear folgje dêr’t ik wer foar waarmrinne koe.
Is ‘t net sa…?
Gjin benul hav. Elken, elkenien. Immen, ien. Ferturteazje, turte, trut.
Stotteren if Friesk stammerje. Profanaasje? Provokaasje? Aaisâlt?
Faak en folle, meastentiids. Hânsem. (-zaam, some. Sabeare Lat.)
Each’s way? Mei ’t bleate eech. Foarall. Fiérder fuort (fer)(ôf)dwale.
Hoe befoàrrjochte OfT ik mi fielde. Njoer bearen (minder mei ge-).
Oare doàrpelingen. Op ’t bline plak. Deistige skaft, skoft, fer-, oan-.
Sloeren heärre. Op ‘e tilleviizje. Sa’n siden wiifke AT ik wurden wie.
De hân om ’t (!) hert syn … Hollânsk myn hart. Foàr ’t tv-tastel dân.
Waarm rinne twa wörden oan ’t wörk. Is ’t nèt sa … (3 los) wier?
Sjoch r’s iin Syrje, Lybje of Tunesië.