Libbensboarne

As jo ienkear koerts set ha nei Itaka
Dat oan en wei jo syktocht duorje mei
Grôtfol aventoer en ûnderfining
Sit net yn noed oer Wodan en Walkuren
Hja sille jo net gnjirdzje
Mits hert en leauwe ûnferwrigge bliuwe
Mar ek net stomp stean foar sensaasjes
Wodans grime en Walkuren
Falle inkeld oer jo gear
At se jo yn ’t hert al meikaam binne
En bijleauw’ har foar eagen tsjoent

Dus dat mar oan en wei jo syktocht duorje mei
En moai it waar en lang de dagen
As jo sjugg’ foar ’t earst in nea besylde haven
Hokk’ foldwaning, hokk’ opteinens fral
Sykje dêr de heechste merken op, bliuw stean
Foar alle kreammen, roallebûtsje, hantsjebak
Parlemoer en bloedkoralen, amber en ivoar
Rûkersguod en al, feintsjelok en klonje
De ein is der fan wei, foaral de lodderein
Ferjit de kleasters en boargen net, mei har tsjûke muorren
Dêr’t wiisheid en witnis yn besletten lizze

Hâld lykwols, waar en wyn treast, Itaka foar eagen
Ienkear dêr te lânjen is jo wyt en doel
Mar tuike, driuwe docht it net
It is de baas en tink om oer’ noch tiid
Om earst as âldman oan te kommen
Swier fan rikens, ûnderweis fergearre
Earst nei’t jo rûs ûntnoft’re is
Dat inkeld Itaka ferrykje kin

Ommers hja beskikte jo dy reis,
Sûnder drôch fan Itaka set nea net ien útein
En mear hat hja ek net te jaan
En sjugge jo dan yn: se hat net mear te keap
Wês dan net oerstjoer en al te bot ûntheist’re
Mei al wat jo bedijd ha
En wizer wurden binne
Begripe jo moai wis, wat Itaka krekt is

[frije oersetting fan it gedicht fan Konstantinos Kavafis]

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. Douwe fd Meulen schreef:

    Jaap’s hert, Friesk Jaap siin siektocht.
    Kavaphis of -fis of Odysseus, Ulysses.
    Dât mar oan en wey, r. 2. oant en mei? r. 12
    Woadan? Wedan, Woeden, Woànsdey.
    Wednesday, ween. Waan’s-, Wênsdey.
    Whennear’t of whoenear’t, oan-‘n-oar.
    Jit nèt stomp stean foàr? Sinsaasjes.
    Foàrall! Roale- of ruilebuitsje, v. Dale.
    L’eau-de-reine. – Witness of kinness?
    Jaap siin rais-doel. – Jaap siin roes?
    Underway’s opgarre en nèt fergeare.
    Ithaka hat mear te JAAN: Penélope,
    Siin wiif, en Telémachos, siin soan?
    Kefallonia if folle greoter âs Ithaca!
    De ieken fon Dodona